Frijwilligers socht foar Slachte!

Op 16 juny 2012 is wer de Slachte, de fjouwerjierlikse rintocht oer de Slachtedyk. Doarpsbelang Hâld Faesje is wer ferantwurdlik foar yn dykfak. Der binne al in soad frijwilligers, mar we kinne der noch wol in pear brûke? Hoe mear der binne, hoe minder lang elkenien wat hoecht te dwaan. We sykje noch in stikmannich ferkearsregelaars, minsken dy’t de diske (it kreamke) beminskje wolle en fansels binne der ek altyd ‘hand- en spandiensten’. Jimme kinne jim hjir oanmelde! Tank yn’t foar!