Frijheidsbyld en piemelfontein dûke op yn Easterein

De âldjiersploech fan Easterein sit efter de de roof fan de piemelfontein út Warkum en it frijheidbyld út Snits. Op âldjiersdei kamen dizze 2 foarwerpen oan it ljoch op de brége. De Eastereiners binne net bang harren fryheid te ferlieze mar se tinke wol dat se de stipe fan de gemeente Sûdwest straks ferlieze. De doarpen fan de gemeente Littenseradiel gean op 1 jannewaris oer nei Sûdwest, Ljouwert en de nije gemeente Waadhoeke.