Frieslandbankcup

imagesCA3N01Y2Op woansdei 24 april om 19.00 oere wurd op de sportfjilden fan de Skoalleseize de earste omloop fan de Frieslandbankcup ferkeatst. De Frieslandbankcup is opset troch de KNKB en sjocht yn dizze opset kânsen om  de bining fan de leden mei de keatssport en de KNKB te ferbetterje. De Fbc is in bekerkompetysje foar ôfdielingsparturen mei in knock-out systeem wertroch der elke ronde folop spanning oanwezich weze sil. De earste omloop yn Easterein by de manlju giet tusken de ôfdielings  Easterein 1 – Heerenveen 2 en Wommels – Baard. By de froulju giet de earste omloop tusken Easterein 1 – Groningen 1 en Easterein 3 –  Berltsum. De tagong is fergees.

 

Easterein 1Heerenveen 2
Dirk-Yde SjaardaAndré Buma
Jelte-Pieter DijkstraThomas Visser
Bauke DijkstraJappie Dijkstra
Easterein 1Grins
Marije HiemstraNamkje Koudenburg
Martine TiemersmaMarije v/d Meer
Imke v/d LeestAukje van Kuiken

 

Easterein 3Berltsum
Hester KingmaIlse Tuinenga
Marijke Johanna de BoerLeonie van der Graaf
Gerry Edou MollemaHarmke Siegersma