Freuleparty Wommels

Kommende woansdei wurd foar de 112de kear de freuleparty keatst yn Wommels. Foar de KF. Easterein keatse dit jier Bote Jellema, Remon Tie Bouma en Kees van der Horst en stean as partur 15 op e list. Easterein moat yn de earste omloop tsjin Ried. Koanshawwers op de 112 de freule binne: Stiens, Makkum, Hijum-Feinsum en de ôfdielingen Frentsjer en St. Jacobiparochie dy’t elkoar op de earste list al tsjin komme. Op de generale, juster yn frentsjer, wûn Easterein in moaie 3de priis. Se ferlearen de heale finale mei 5-5 4-6 fan Seisbierrum-Pietersbierrum. De komplete list fan de freule kinne jim HJIR sjen