Freegje subsydzje oan foar Buorlju-dei

(fan de site fan de gemeente Littenseradiel)

Op 26 septimber fiert Nederlân foar de tsiende kear Buorlju-dei. Yn 2014 diene der yn hiel Nederlân ryklik 1 miljoen minsken mei! Mei-inoar ûndernamen hja ferskate aktiviteiten dy’t de buert moaier makken en de minsken sels tichter by elkoar brochten. Yn Easterein ha al ferskate buerten subsydzje oanfrege.

burendagWat is Buorlju-dei?

Buorlju-dei is in jierliks weromkearend feest datst mei dyn buorlju en de buert fierst yn it fjirde wykein fan septimber. It is in dei datst gesellich by-inoar komst en wêrby’t in protte minsken wat goeds dogge foar elkoar en foar de buert. Want buerten wurde aardiger, sosjaler en feiliger as buorlju inoarren moetsje en harren mei-inoar ynsette foar harren buert. Douwe Egberts en it Oranje Fûns stypje dy dêr graach by.

Tarieding en útfiering

It tema fan Buorlju-dei is ‘Koppen by elkoar’. Dus: Koppen by elkoar en betink mei-inoar in moaie aktiviteit foar Buorlju-dei. En ek: Koppen by elkoar en fier mei-inoar Buorlju-dei! Op Buorlju-dei fiere oeral yn Nederlân buorlju harren goede ideeën út, fan buert-moarnsbrochjes oant seiskampen en skjinmak-aksjes, mooglik mei in bydrage fan heechút € 500,00 fan it Oranje Fûns.

Buorlju-dei nasjonale feestdei

Op inisjatyf fan Douwe Egberts waard yn 2006 foar it earst Buorlju-dei fierd yn Nederlân. Yn 2008 ûntstie de gearwurking tusken Douwe Egberts en it Oranje Fûns. It Oranje Fûns is it nasjonale fûns foar sosjale ynisjativen en it befoarderet de gearhing tusken groepen minsken. Mei Buorlju-dei wolle beide organisaasjes minsken tichter by inoar bringe. Douwe Egberts bringt buorlju mei-inoar yn kontakt, mei in goed bakje kofje. Mei kofje kinne je echt efkes de tiid nimme foar jins buorlju. Kofje is foar buorlju it begjin foar it lizzen en fuortsterkjen fan de kontakten. En dy kontakten binne de grûnslach foar in moaie Buorlju-dei!

Subsydzje oanfreegje

It Oranje Fûns stipet sosjale inisjativen en befoarderet sa kontakt en ferbining tusken groepen minsken. Dêrom is it foar buertorganisaasjes mooglik om in oanfraach oant € 500,00 yn te tsjinjen by it Oranje Fûns om harren plan foar Buorlju-dei útfiere te kinnen. Ek ast de Buorlju-dei op 26 of 28 septimber fierst, kinst subsydzje oanfreegje. Tink der om: dizze oanfraach moat fóár 1 septimber 2015 yntsjinne wêze!

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside www.burendag.nl.