Freed hurdriderij op Skippersbuorren!

Freedtejûn 10 febrewaris 2012 om 19.00 oere sil it heve op de Skippersbuorren: hurdriderij foar manlju en froulju. We sette de baan út, soargje foar koeke & sopie en wolle der graach in moaie jûn fan meitsje. Elkenien boppe de 12 jier kin meidwaan (fan ôf de middelbere skoalle).

Meidwaan?

Jou dy op foar tongersdei 9 febrewaris 2012 om 18.00 oere. Dat kin fia ynfo@easterein.nl of troch te beljen nei (0515) 33 19 00 (Greet Jorritsma). Yn prinsipe binne der twa klassen: manlju en froulju. As der in protte opjefte is, meitsje we mear klassen. Fermeld yn de oanjefte dyn namme, leeftyd en telefoannûmer.

Kosten

Der binne gjin kosten ferbûn oan de dielname. Nim wol wat jild mei foar de koeke & sopie!

Helpe?

We kinne wol wat frijwilligers brûke foar de opbou en oare saken dy’t dien wurde moatte. Wolst helpe? Lit it ús dan efkes witte fia ynfo@easterein.nl. Alfêst tank!

Priisútrikking

Fansels binne der moaie prizen te winnen! En de ivige rom fansels……. De priisútrikking is nei ôfrin fan de wedstryd yn de Skoalleseize.

Oant freed!