Freddy Scheltema is mei syn boek ‘De keet fan Annawald’ nominearre foar de Rink van der Velde Priis 2014.
Freddy makket kâns op de twajierlikse literêre priis foar Frysk proaza. De ûnderskieding is in inisjatyf fan de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân. De sjuery makket op 19 febrewaris de winner bekend. Dy krijt in jildbedrach en in byld fan keunstner Anne Woudwijk.
De oare nominearren foar de Rink van der Velde priis binne Leo Popma, Sipke de Schiffart, Steven Sterk en Ale S. van Zandbergen. meitsje .