Folwoeksenen allinnich wolkom ûnder begelieding!

LOGO JONGEREIN TOANIELEk yn 2015 bringt de JONGEREIN fan FUORT MAR LOS wer in toanielstik op ‘e planken. Dit jier wurdt it toanielstik gruttendiels troch de jongerein sels betocht en se skriuwe harren eigen teksten. Ek de titel fan it stik is troch harren sels betocht: BERN BOPPE.

It toanielstik spilet sich ôf yn it jier 2025 de wrâld sjocht der dan hiel oars út as no. Bern binne de baas! En wêrom? Hiel ienfâldich: as bern de baas binne, giet it allegearre folle better! Bern fiede harren âlders op: betiid op bêd, putsjes yn ‘e hûs dwaan en húswurk meitsje. En bern dy’t gjin âlders hawwe? Dy kinne in heit as mem adoptearje.

It stik is geskikt foar bern, mar folwoeksenen binne fansels ek tige wolkom, mits se begelieden wurde troch ien as meardere bern.

Ynformaasje oer de datum fan ‘e foarstelling en ferkeap fan kaarten folget letter yn jannewaris.

 

Ut namme fan de jongerein van Fuort Mar Los,

Akke Veldman