Folget it eerste ljipaai fan de basisskoalle snel?

Folget it eerste ljipaai fan de basisskoalle snel?
No ’t eerste ljipaai fan Easterein fûn is, is it wer traditioneel ôfwachtsje tot ek ús basisskoalle jeugd har eerste aaike fynt. It wurdt spannend, it waar is goed en de ljip komt no echt oan’e lech.
Basisskoalle De Foareker hat in moaie priis foar de finer fan it eerste ljipaai. De wikseltrofee en ieuwige roem op de ‘wall of fame’ yn’e gong fan’e skoalle. Wy wolle de skoalle jeugd dan ek útdaagje om it eerste aaike te finen en dêrmei dy felbegeerde beker in ier yn hûs te krijen!
De fûgelwacht hat ek dit jier wer in jeugdkrite oanwezen foar de bern fan de basisskoalle. Wij tinke dat dêr meikoarten nêsten komme. De jeugdkrite is it stik maïslân fan boer Bonnema op’e polle. It is mei wite buorden oanjûn. Mar ek asto in ljipaai yn in oar stik fynst telt dat fansels! Bygelyks oan’e âld dyk as bij Hidaard.
Hast in ljipaai fûn? Meld die dan bij master of juffrouw. Of bij Doede Kooistra fan’e fûgelwacht 06-15356106