Der brekke wer spannende tiden oan foar de âlders fan de bern út groep 8 fan de basisskoalle. De citotoetsen hawwe west en it is no wachtsje op de útslach. De útslach fan de citotoets kin de âlders en learkreften fan de basisskoalle helpe by it kieze fan it nivo foar de learling. Ek moatte de âlders in wichtiche kar meitsje op hokker skoalle de bern harren noflik fiele. De skoallen yn it foarset ûnderwiis organisearje foar de bern doe dagen en foar de bern en âlders de iepen dagen. De kar ût skoallen yn it foarset ûnderwiis yn dizze omkrite is grut. De bern kinnen nei it RSG Magister Alvinus yn Snits, it Marnekollege yn Bolsert, it Bogerman yn Wommels en Snits, de maritieme acedemie yn Harns en it Nordwinkollege (AOC) yn Snits. De iepen dagen fan dizze skoallen hjir efkes op in rige:
Maritieme academie Harlingen: woansdei 10 april fan 16.00 – 20.00 oere
Bogerman Wommels: woansdei 27 febrewaris fan 18.30 – 21.00 oere
Bogerman Snits: woansdei 27 febrewaris fan 15.30 – 20.30 oere
RSG Magister Alvinus: woansdei 13 febrewaris 16.30 – 21.00 oere
Marnekollege Bolsert: woansdei 13 febrewaris 15.00 – 20.30 oere
Nordwinkollege woansdei 13 febrewaris 18.30 – 21.30