Foarjierskonsert fan Wilhelmina en Basic Bigband op 3 april

Op snein 3 april 15.30 oere litte Wilhelmina wer fan har heare. It is in dûbelkonsert: Wilhelmina en Basic Bigband. Lokaasje is de seal fan café Bergsma Easterein. Ek sille we in âlde hit tegearre útfiere.

No’t it wer kin – sizze wy – gean derút en kom nei ús konsert. De entree is 10 euro (graach kontant meinimme) en bern oant 18 jier binne fergees. Oant sjen!