Bêste minsken,
Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 25 maart 2015 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.
Wurklist:
- Iepening
- Meidielings en ynkommen stikken
- Oantekens fan de neijiersgearkomste op 12 novimber 2014. It ferslach is taheakke oan de útnoeging. Bin hjir fragen oer?
- Finansjeel ferslach: -rekken 2014 -begrutting 2015
- Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
- Presintaasje jierferslach 2014
- Skoft
- Bestjoersferkiezing: Oftredend :JikkeVelzen, wedstriidsekretariaat Foardracht : gjin, wurdt yntern oplost Tuskentiids ôftredend : Skelte Anema, ponghâlder Foardracht : fakatuere
- Stikken KNKB-gearkomste op 2 april 2015
- Punten fan út it bestjoer, ûnder oare: -meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits -ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize” -ôfskied kommisjeleden -fakatueres: stân fan saken
- Wedstriidaginda 2015
- Omfreegjen
- Sluting
Graach oant sjen op 25 maart
KF Easterein