Bêste minsken,
Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 8 maart 2017 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.
Wurklist:
1. Iepening
2. Meidielings en ynkommen stikken
3. Oantekens fan de neijiersgearkomste op 16 novimber 2016
4. Finansjeel ferslach:
-rekken 2016
5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
6. Presintaasje jierferslach 2016
7. Skoft
8. Bestjoersferkiezing:
Oftredend: Christian Hoekstra, fjilden en materialen
Foardracht: Fakatuere
9. Stikken KNKB-gearkomste op 16 maart 2017
10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
-meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits
-ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”
-ôfskied kommisjeleden
-fakatueres: stân fan saken
11. Wedstriidaginda 2017
12. Omfreegjen
13. Sluting
Graach oant sjen op 8 maart!
KF Easterein