Foareker wint skoalkampioenskip Littenseradiel

De famkes Roelie en Corrie Kroondyk en Nynke Paauw fan de Foareker hawwe op woansdei 18 juni it skoalkampioenskip fan Littenseradiel yn Winsum by de famkes wûn. Se meie no op woensdei 25 juni nei it profinsjale skoalkampioenskip yn Ljouwert. Der moatte se de titel ferdigenje. Yn 2013 hat de Foareker mei de famkes Selma de Boer, Julia Paauw en Mirjam Punter dèr it kampioenskip wûn