De bern fan de Foareker hawwe op ferskate manieren jild ynsammele, bygelieks mei in sponserrin werby groep 1 en 2 om en by skoalle draaft hawwe en groep 3 oant 8 om de sportfjilden. Dit jild ha se freedtemoarn by it glezen hùs yn Ljowert bracht. Op dizze fideo kinne jim sjen hoefolle se oerlange hawwe.