Yn de moanne jannewaris is de opbringst fan de flessenbonnenaksje by de Jumbo foar de jeugdôfdieling fan Wilhelmina, de Wilhelmini’s. Faôf 2 jannewaris kin eltsenien by de Jumbo in Wommels it bontsje fan de lege flessen dér yn de bus dwaan. De opbringst is foar nije muziek en foar konserten. Op moandei 8 jannewaris komme de Wilhelmini’s by de doarren lâns yn Easterein om lege flessen op te helje.