Fjoerwurkshow

It wie wer in bjusterbarlik moai barren,de fjoerwurkshow yn it sintrum fan Easterein nijjiersdei om 01.00 oere. Mei troch stipe fan ferskate bedriuwen fan Easterein en fansels ek de minsken dy’t harren stipe jûn hawwe op de brege tidens de show, kin de âldjiersploech in moaie show op poaten sette tidens âldjiersnacht. Harren doel om de minsken wer op de brege te krijen wie ek dit jier wer slagge nettsjinsteande it suterige waar. Se binne seker wer fan doel om ek oare jier wer in show foar jim del te setten

Foto’s binne hjir te sjen.