It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân nûget dy fan herte út foar de Fjoerkoertoer.
Under it tema Freonskip foarap! lûke se by fjouwer lokaasjes del om elkoar te moetsjen en mei elkoar it nije jier te fieren.
Wat kinst ferwachtsje?
- in gesellige sfear mei romte om elkoar te sprekken
- snert, stamppot, glühwein, waarme sûkelarjemolke
- muzyk fan trûbadour Rintje Kas
De data en lokaasjes:
- 6 jannewaris Koudum, ‘Friesland’plein/Sintrum
- 7 jannewaris Aldegea, evenemintenterrein Hagenadyk
- 8 jannewaris Arum, foar by jeugdhonk De Raat, Sportlaan
- 9 jannewaris Boazum, Terras Boazumer Mjitte
Tiid: 17.30 – 19.00 oere
Kom del, bring freonen en buorlju mei en litte we mei inoar it nije jier begjinne mei in waarm hert en in glim om ‘e mûle.