Op snein 27 septimber organiseart de fûgelwacht Easterein harren jierlikse fiskwedstriid.
Fanôf 14.30 is eltsenien, jong en âld, lid as gjin lid, wolkom op de skippersbourren om oant 16.00 oere te striiden foar de grutste en measte fisk.
Fansels is it ek hiel leuk at der publyk by is, dus kom allegear! Tiidens en nei de wedstriid is der foar elts in hapke en in snapke.
Der binne wol wat regeltsjes wer’t jimme om tinke moatte:
- der wurd mei 1 angel fiske;
- der is apart stikje wer’t op snoek as snoekbears fiske wurde mei;
- bern sûnder swimdiploma A/B meie allich meidwaan ûnder begelieding fan in folwûksene;
- der binne maitsen, bôlle en wjirmen om mei te fiskjen.
(foto Henk Bootsma)