De fiskwedstriid fan de fûgelwacht Easterein op snein 6 oktober wie in grùt sukses. San 130 bern en folwoeksenen kamen op it 6de lustrum ôf. In aardichheid om te sjen nei it ferskaat oan fiskers. De ien hie noch nea in hingel yn de hannen hawn en de oar stiet dageliks oan de wetterkant mei de hingel. Gjin wûnder dat de prizen nei dizze lèste kategorie gongen.
By de senioren gong de priis foar de grùtste fisk nei Geert Couperus. Geert fong in snoek fan 88 cm. De priis foar de measte fisk gong nei Klaas Kamstra.
By de jeugd wie de priis foar de measte fisk foar Janneke Overal mei 4 fisken. De priis foar de grùtste fisk by de jeugd wie foar Rutger Sybesma. Hy fong in fisk fan 17 cm.
Nei de fiskwedstriid hie de fûgelwacht als ferassing noch wat rikke zalmforel op in stikje stokbolle. De zalmforel dy’t oer wie, wie foar de hannel. Henk Bootsma hat wer moaie foto’s make en komme dizze wike op syn site www.henkbootsma.nl