Figuranten socht foar opnames reklamefilmke Keunstwurk

keunstwurkOp 13 septimber 2014 nimt Keunstwurk op de Foarbuorren in reklamefilmke op. En dêr binne in protte frijwilligers foar nedich. Wolst meidwaan as figurant? Meld dy dan oan by Inez Adema fan MAS Outreach: inez@masoutreach.nl. Set der efkes by dat it giet om Keunstwurk en Easterein. De opnames duorje dy dei fan ûngefear 12.00 – 17.30 oere. Jong en âld, elk is wolkom!