Wat wie it drok op de Skippersbuorren op 22 novimber! Safolle bern, heiten en memmen, omkes en tantes en pakes en beppes om Sinteklaas te ferwolkomjen!
Gelokkich wie Klaas, de ‘boargemaster’ fan Easterein, der ek.
En hienen jimme dy snelle boat ek sjoen? In boef! Mei in kado foar Sinteklaas yn de boat? Wat soe hy dêr mei moatte? Mar hy wie sa snel, de polysje moast mar belle wurde…. Ûndertusken gie de optocht troch it doarp, it korps foarop en Sinteklaas yn de ponykarre mei Jelmer Couperus der efteroan. Ûnderweis waarden der ek kado’s foar Sinteklaas fûn yn beammen, daksgoaten, efter strúken, ensfh. Gelokkich wisten de bern de kado’s te finen en wienen der 2 piten yn de golfkarre wêr’t de kado’s moai yn koenen.
It feest gie yn de seal fan Noflik fjirder. En koe Sinteklaas mei help fan de bern de kado’s útpakke. Wat hawwe jimme jimme best dien foar it kado foar Sinteklaas!! Der wienen 11 skilderijen prachtich ynkleure. Mei elkoar foarmden se 1 grut skilderij. De piten moasten al efkes puzzelje, want tja, der miste 1 skilderij!
Fansels, de boef op de Skippersbuorren hie ommers ek in kado yn syn boat. Gelokkich hie de polysje him fûn en waard hy de seal yn brocht. Hy moast sorry sizze en belove dat hy it net wer dwaan soe.
Sa, no wie it kado foar Sinteklaas kompleet. In prachtich grut skilderij! Om it goed te meitsje hie de boef der foar soarge dat der in super-leuke disko wie neidat we Sinteklaas en syn piten útswaait hienen.
En dan is it feest fan Sinteklaas wer foarby. Hooplik hawwe jimme in leuke pakjesjûn hân en ha we takom jier wer sa’n moai feest.
Mei stipe fan de ûndernimmers- en de oranjeferiening is it in tige slagge sinteklaasfeest west. Fansels wolle wy alle minsken dy’t mei holpen hawwe nochris betankje foar harren ynset.
It grutte skilderij ha we útliend oan it Nij Stapert, sy fiere ek Sinteklaas en stiet it dêr moai te pronk.
Pssstt: fan de opbringst fan de spekulaasbrokken-aksje koenen der 2 nije pitepakken kocht wurde.
Oant takom jier.
De Sinteklaaskommisje