Ferslach fan de jiergearkomste fan doarpsbelang Hâld Faesje

Woansdei 9 april hat doarpsbelang har jiergearkomste hân by Noflik Easterein, der kamen sa’n 30 minsken oplogo ôf.

De wurklist wie wat wizige omdat dhr. Kieviet noch oare ferplichtingen hier. Nei’t Silvia eltsenien wolkom hjitten hie kaam dhr. Kieviet fan de “Amelander Energie Coöperatie” oan it wurd, hy hat it ien en oar ferteld oer de wurking fan in lokale enerzjy koöperaasje. In oantal jierren lyn hawwe se op’t Amelân in enerzjy koöperaasje oprjochte, leden kinne fia de koöperaasje duorsume enerzjy ôfnimme. Fan elk lid kriget de “Amelander Coöperaasje” alle jierren sa’n € 65,= werom fan de enerzjy leveransier, Op’ t stuit hat de “Amelander Energie Coöperatie” sa’n 1500 leden, it smyt dus moai wat op. De leden beslute wat der mei dat jild barre moat, op’t Amelân sille se dit jild stekke yn sinnepanielen. Nei it ferhaal fan dhr. Kieviet wie der noch der romte om fragen te stellen, hjir waard troch ferskate minksen gebrûk fan makke. Nei in bedankje fan de foarsitter is dhr. Kieviet mei in Eastereiner slokje ôfset nei syn oare ôfspraak. Easterein is ek fan doel om in koöperaasje op te rjochtsjen, troch it ferhaal fan dhr. Kieviet witte we no wat mear fan de wurking fan in enerzjy koöperaasje.

Skoft

Der binne yn it skoft wer in soad lotsjes ferkocht, nei de offisjele gearkomste binne de pryskes lutsen, in soad minsken binne mei in moaie priis nei hûs gien.

Notulen 2013

De notulen fan de gearkomste fan april 2013 leine op’ e tafels, nei it skoft koene hjir fragen oer steld wurde, der wiene gjin fragen.

Finansjeel ferslach

Der leine finansjele oersichten op ‘e tafels, Akke hat it ien en oar taljochte, der wiene fierder gjin fragen. De kaskommisje, Rika Okkema en Baukje de Jong, fûn dat alles der goed útseach en hat foar akkoard tekene. Rika hat 2 jier yn de kaskommisje sitten en wie ôfgeand lid, Tineke Meijer hat oanjûn dat se wol in sit nimme wol yn de kaskommisje.

Ferheging kontribúsje

Ferheging kontribuusje: Silvia leit út werom de kontribuusje mei € 2,= ferhege wurdt. Alles wurdt djoerder en doarpsbelang kriget hieltyd minder jild fan û.o. de gemeente en fan fûnsen. De nije doarpskrante moat earst ek bekostige wurde, it doel is dat it krantsje har aanst sels bedrippe kin troch de advertinsjes, mar dat is no noch net mooglik. Alle leden dy’t yn’ e seal sieten binne akkoard gien mei de kontribuusje-ferheging.

Jierferslach

Greet lêst it jierferslach 2012-2013 foar, it gehiel wurdt opleuke mei foto’s . In gearfetting fan it jierferslach kinne jo yn it doarpskrantsje lêze of hjir digitaal besjen.

 

Bestjoerswiksel

Hendrik Okkema en Akke de Boer ferlitte it bestjoer. De oare bestjoerleden dogge in orizjineel stikje, “it ABC” . Nei it stikje betanket de foarsitter Hendrik en Akke foar harren ynset foar doarpsbelang, se krije in boskje blommen, in kado-bon en in boekje mei de tekst fan “it ABC” mei moaie tapaslike foto’s

Der binne gjin tsjinkandidaten oanmeld , Grietje Bouma en Talitha Dijkstra komme no it bestjoer fersterkjen, Silvia ferwolkommet de nije bestjoersleden mei in roas.

 

Rûnfraach

Der wiene in pear fragen / opmerkingen út de seal:

* It is in goeie saak dat Easterein dwaande is mei de oprjochting fan GEKE (Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein), griene enerzjy hat de takomst.

* De oprit by it trottoir foar dokter Hoepman is te heech foar in skootmobyl, der is al ien mei de skootmobyl ûnderút gien, hjir moat wat oan dien wurde foar’t der mear ûngelokken barre. It wie wol bekend by de gemeente, wêrom is hjir mei de wjerynrjochting fan de fan Eijsingaleane neat mei dien? Doarpsbelang sil de gemeente hjiroer oansprekke.

*No’t it nije krúspunt fan Eijsingaleane/Populiereleane klear is, ride der mear minsken troch de nijbou. As de Hofsleane aanst oanpakt wurdt, kinne der dan ek obstakels komme sadat it minder oantreklik wurdt om troch de nijbou te riden? De gemeente hat sein dat se earst kontakt opnimme foardat se mei de Hofsleane oan’e slach sille, we nimme dit punt dan mei.

 

Om ± 21.45 oere slút Silvia de gearkomste.