Ferslach 9e Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai

Freed 23 novimber 2018wie de 9e edysje spile fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai. Dit kear noch mei stipe fan Gemeente Littenseradiel, mar yn de nije Gemeente Súdwest-Fryslân! It (wol hast) maksimale oantal fan 18 teams wiene tige sportyf, gesellich en blier yn it spier yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. It toernoai waard mei mooglik makke troch Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland.

Yn de haadklasse giet Altac der fan troch mei de haadpriis en hja kinne lekker út iten gean by Noflik Easterein mei de troch harren oanbeane itensbonnen. De oanmoedingspriis kaam ek te plak yn de haadklasse foar ‘Yn de Oalje’ (Couperus Hydrauliek), in team mei heiten en dochters, moai yn de klean mar gjin punten, mar wol moaie pryskes fan DA Fizel fan Wommels. Twadde waard de Rabobank dy de 2 edysjes hjirfoar noch wûn hie.

Yn  de middenklasse slagge it Sportkafee de Greidhoeke om de maksimale winst fan 10 punten te heljen en hja wûnen dêrmei it hearlike bakkersiten fan ús nije stiper Bakkerij Posthuma fan Wommels. It twadde plak wie foar DA Fizel.

Yn de rekreaasjeklasse wie it tige spannend, útsein foar Bouwbedriuw Bootsma Tirns 2, dy’t it tige swier hie. SDS wûn hjir de haadpriis, in team mei in miks fan ûnderfûne fuotbaljende manlju mei jonge fuotbaljende foulju dy fertuten die. Hja krigen de moaie pakketten fan ús nije stiper COOP Tolsma fan Winsum.

De priisútrikking waard fansels dient troch ús foarsitter en animator Meinte Bergstra en dit kear assistearre troch Helga Gebrandy. Fansels waard der noch noflik neisitten en nei peteare mei in slokje en de hearlike skaal mei hapkes, oanbean troch Titus Bergsma fan Kantine sporthal de Greidhoeke!

Oant takom jier! Dan fiere we ús twadde lustrum! Set de datum yn de aginda: 22-11-2019!