Der binne dit weekein wér aardich wat aktiviteiten yn Easterein. Op freed 8 july is der yn de galerie “In de kerk” in optreden fan it bernekoar “de sjongende pompeblêden”en it jongereinkoar “lelielûd”. It konsert begjint om 19.30 oere. Om 19.00 stiet de kofje klear. Op sneon 9 july in konsert fan de Wilhelmini’s, Wilhelmina en Jitske Draaijer en de tonielferiening “yn it oare fel” út it Heidenskip. Dit konsert begjint om 19.30 oere en de tagong is fergees. Op 9 en 10 july is de pastorytún iepen foar de minsken dy’t ien fan de moaist beware túnen, ûntworpen troch hofenier Vlaskamp, besjen wolle. De pastorytún is iepen fan 11.00 oere oant 17.00 oere