Fernijde Skoalleseize iepene

Woansdeitejûn 5 oktober om 19.00 oere is de gehiel renovearre Skoalleseize iepene troch boargemaster Liemburg fan Littenseradiel. Yn 3 jier tiid is de Skoalleseize, mei help fan in protte frijwilligers, renovearre. Sa binne de klaaiboksen 1,2,3 en 6 en 1 fan de skiedsrjochtesboksen hielendal stript en foarsjoen fan nije ferwaarming, tegels, ferljochting en brûsgelegenheid. Ferline jier is  it keatsfjild oer de kop gongen en ferlingd om der mear keatsers op te hâlden. De léste fase wie de keunstgérsmatte op it haadfjild. Skoalleseize wér klear foar de takomst, al moatte Skoalleseize en SDS noch wol it resultaat fan it rinnende ûndersyk nei kankerferwekkende stoffen yn de korrels fan it keunstfjild ôfwachtsje.

Nije wike fred hâld de Skoalleseize in frijwilligersjûn foar de frijwilligers. In útnoeging hjirfoar komt noch.

oftraap-boargemaster

(foto Henk Bootsma)