Ferlotting foar it multyfunksjoneel terrein yn Easterein

Yn ’e tredde wike fan maaie komme we by jo oan ’e doar foar it ferkeapjen fan lotten. De opbringst fan de ferlotting is bestimd foar it realisearjen fan in multyfunksjoneel terrein by de sportfjilden/sporthal yn Easterein.

 Op dit asfaltterrein kinne ferskate aktiviteiten dien wurde:

  • Min-waar foarsjenning foar it fuotbaljen
  • Jeu-de-pelote keatsfjild (Belgisk keatsen)
  • Skaten ensafuort hinne

De ôfmjitting fan it fjild wurdt 21 meter breed en 72 meter lang.

We hawwe it jild fan it plan noch net hielendal rûn, fandêr it idee fan in ferlotting. Der binne moaie prizen te winnen sa as bygelyks in tillefysje, in gersmasine, in skroefboarmasine en in blu-ray spiler.

De frijwilligers fan de belútsen ferienings komme yn de wike fan 16 – 20 maaie by jo lâns.

Wy hoopje dat jo ús helpe wolle op dit moaie plan tot útfiering te bringen. Dit is in moaie opstekker foar it sportdoarp Easterein.