Op woansdei 12 juny sil der op de Wommelserdyk (foar Eastereinders) as Eastereinderdyk (foar Wommelsers) op ferskate plakken in nije slytlaag oanbracht wurde. Hjirtroch sil der hinder weze foar it ferkear. De dyk sil net hielendal ôfslúten wurde. Benammen foar de skoallen dy’t woansdei nei Easterein komme foar it skoalfuotbaltoernoai fan vv-SDS op de fjilden fan de Skoalleseize sille der rekken mei hâlde moatte en op e tiid fuort gean.