Der binne ferskate ferienings yn Easterein dy’t de minsken oproppe om oan aksjes mei te dwaan dy’t foar de ferienings jild opsmiet.
De keatsferiening Easterein docht dizze moanne mei oan de flessebontsjeaksje by de Jumbo. At jim de flessen ynleverje by de Jumbo en it bontsje ynleverje komt de opbringst ten goede oan de KF Easterein. Dy kin it jild wer brûke foar har leden.
De foljebalferiening CoVos en de jeugdôfdieling fan vv SDS dogge oant 6 april mei oan de poeisz jeugdsponseraksje. At jo by de poeisz de boadskippen dogge krije jo munten. Dizze kinne jo yn de koker dwaan fan CoVos as SDS en dy krye der oan it ein jild foar. Hoe mear munten, hoe heger it sponsorbedrag
Dan is der ek noch de gebaksbattle. Mei de gebaksbattle kinne CoVos as SDS 5000 ekstra munten fertsjinje. Mei spesjale waardebonnen dy’t jim feriening ûntfongen hat kinne jim mei koarting gebak bestelle en helpe jim jimme feriening nei de 5000 munten. Freegje jim feriening dus nei dizze bonnen.