Fergees kompost

Ynwwenners fan Littenseradiel kinne op de lânlike kompostdei, sneon 21 maart tusken 10.00 oere en 15.00 oere fergees kompost ôfhelje op it terrein fan Frankena, kleasterdyk 49 yn Winsum. De kompost wurd stipe troch de gemeente Littenseradiel. It doel fan de kompostdei is om minsken mear bewust te meitsjen fan it skieden fan ôffal om it GFT-ôffal te ferwurkjen ta kompost. Dit ferwurkjen ta kompost is €75,00 de ton goedkeaper as it ferwurkjes as hússmoargens. It kompost kin ôfhelle wurden yn pûden mei in max. fan 3 pûden de húshâlding as kin as losse kompost meijûn wurde yn in oanhingwein.