Fergees kompost foar ynwenners Littenseradiel

Ynwenners fan Littenseradiel kinne op sneon 19 maart fan 10.00 oant 15.00 oere fergees kompost ôfhelje op it terrein fan Frankena oan de Kleasterdyk 49 yn Winsum. Dit kin yn pûden ôfhelle wurde, dizze pûden moatte jo sels fan hús ôf meinimme (maksimaal trije pûden per húshâlding), of it kin as losse kompost yn in oanhingwein stoarten wurde. Der kin jo frege wurde om identifikaasje.

(bron: littenseradiel.nl)