
De Stichting Iepenwacht Fryslân (SIF) wurket der sûnt 2005 oan om ypsykte ûnder kontrôle te krijen en de iperen as soarte behâlde te litten foar Fryslân. Dit docht de SIF ûnder oaren troch it planten fan iperen by partikulieren. Foar partikulieren yn de gemeente Littenseradiel bestiet de mooglikheid om foar it oanplantsjen fan resistinte iperen yn oanmerking te kommen. It giet om it oanplantsjen fan beammen yn partikuliere tunen, monumintale erven en lânskiplike ynpassing fan (agraryske) bedriuwen. Oan it plantsjen fan de beammen binne foar de eigner gjin kosten ferbûn. Betingst is wol dat de beammen duorsum yn stân holden wurde. De beammen wurde levere en oanplante troch de Stichtingfting Iepenwacht Fryslân. De regeling is fan tapassing op it plantseizoen 2016/2017.
As jo hjir gading nei hawwe kinne jo dat oant 31 maart 2016 kenber meitsje. Sjoch op de
website fan de gemeente foar mear ynformaasje en foar kontaktgegevens.