(troch Arnold van Schepen)
Dat der yn’e neisimmer 2012 wat bysûnders geande wie oan de Fabrykswei sil de measten fan jim net ûntgien wêze. By Couperus Hydrauliek waard der manmachtich wurke oan twa bysûndere masines, wêrfan’t der ien wikenlang heech boppe de greiden útstuts. Dizze ‘landmark’ wie fan fierren te sjen, mar yniens wie der fuort. Dat ropt fragen op. Wat wie it? Wêr is it? Wat docht it? Wy gienen op ûndersyk út.
Litte we begjinne mei de fraach wat dit foar masines wiene en wat se dogge. Couperus hat, yn oparbeidzjen mei D&M Engineers út Snits, in boarmasine ûntwikkele en boud foar Van Oord út Gorinchem. Dit bedriuw hâldt him dwaande mei grutte bouprojekten op see. Tink hjirby oan it opspuitsjen fan lân (Maasvlakte 2, eilantsjes foar Dubai) en de oanlis fan wynmouneparken yn see. It bedriuw hat namme makke mei baggerwurk. In jier as wat lyn hat Van Oord in baggerklus yn Brasilië oannaam. By baggerjen tinke wy klaaifriezen meastentiids oan it opskeppen fan blauwe drek, mar yn de offshore hat men te krijen mei oare soarten ûndergrûn. Yn Brasilië is Van Oord mei dochterbedriuw Wicks (út Boalsert) dwaande mei it útdjipjen fan de farwei yn de haven fan Suape. En yn Suape ha se gjin blauwe drek, mar wol in rotsboaiem. Om de wetterdjipte dêr te fergrutsjen moatte der gatten yn de boaiem board wurde, yn dizze gatten wurdt in eksplosive lading pleatst. Nei it pleatsen fan de ladingen wurdt de hiele brot opblaasd, wêrnei’t in sleephopper-sûger de rotsblokken opsûge kin.
De masines dêr mei board wurdt, binne yn Easterein boud. Rûn de krystdagen fan 2011 binne de earste ûntwerpen op papier set, en op 14 septimber ferline jier waarden beide masines oerlange oan de opdrachtjouwer. De masines wurkje fanôf in ponton dat selsstannich ‘rinne’ kin. It ponton hat acht poaten wêrfan’t der hieltyd fjouwer op’e grûn steane. Troch ombeurten de poaten te ferskowen, de oare fjouwer op de grûn te setten en wilens de earste fjouwer poaten op te lûken en wêrom te skowen, kin de masine rinne. Fandêr de namme ‘Wavewalker’. Yn it midden fan it ponton is in rjochthoekich gat makke wêrboppe de boarmasines hin- en wêr ride kinne. Sadwaande kin men hiel sekuer boarje om de eksplosiven te pleatsen. De masines fan Couperus hawwe in lange earm dy’t hast 40 meter de djipte yn kin. Op it úteinde is in skerpe punt pleatst sadat de earm stabyl stiet as der de boaiem rekket. Neidat de earm útskood is, wurdt de boar troch in teleskopyske buis nei de boaiem brocht. Nei it boarjen wurdt de boar ophelle en wurdt der in sterk eksplosyf yn it gat dellitten. Dat spul jout klappen dêr’t de Mythbusters jaloersk op binne.
Om yn Easterein teste te kinnen waard ien fan de masines op fjouwer seekonteners pleatst sadat de boar en de earm sakje koene.
Dit spektakel wie fan fier te sjen. Troch in grou stik granyt ûnder de boar te lizzen koe der dan ek echt board wurde. Neidat alles “gekeurd en goed bevonden” wie, is it spul begjin oktober mei swier transport nei Hardinxveld-Giessendam gien. Op de werf dêr binne beide boarmasines op it ponton set. Dernei is it spul nei Dordrecht fearn wêr’t alles klear makke is foar de fjouwer wiken duorjende oerstek oer de Atlantyske oseaan.
Sa, no witte we wêr’t it spul bedarre is, mar noch net hoe’t it beteard is. Ik haw mei Bennie Stegenga fan Couperus sprutsen, hij is mei Marco Reijnhoudt nei Suape west om de ‘Drill Rig’ op gong te helpen. De berjochten út Brasilië binne goed, it materieel dat ‘made in Easterein’ is, wurket hielendal nei’t sin. De earste boaringen binne slagge en de eksplosiven diene ek wat se dwaan moatte. Op de site www.wavewalkerbv.com
is it wurk fan de Wavewalker te folgjen. Foar de minsken dy’t benaud binne dat de karbidtradysje yn it doarp útstjerre sil: yn Easterein sit noch genôch ‘know-how’ om de boel goed klappe te litten.
P.S. Dit ferhaal is earder al ris pleatst, mar om’t is sa’n moai ferhaal is, wolle we ek de nije besikers fan de website de kâns jaan om it ferhaal te lêzen.