Op 8 en 9 desimber is der wer in leuk famyljekonsert yn Theater Sneek. Ek twa Eastereiners dogge mei: Siebo Boersma en Stern Kok. De foarstelling hjit Swing with Santa. It is in konsert foar it hiele gesin, om yn de feeststimming te kommen, mei bekende evergreens en swingend krysthits. In folslein orkest, oanfolle mei klassike blazers en fiolisten binne der foar de musyk. Learlingen fan Kunstencentrum Atrium – lykas KinderMuziekTheater, Young Dance Explosion en MUZT muscialoplieding soargje mei elkoar tegearre mei profesjonele sjongers foar sjong, dûns en in prachtich plaatsje.
Mear ynformaasje stiet op de site fan Theater Sneek.