En wér hat Easterein dér 3 Nederlânske kampioenen by. Ofrûne sneon binne de famkes fan KF Easterein, Roelie en Corry Kroondyk en Nynke Paauw mei coach Ype Tiemersma, foar it earst yn de skiednis fan de KF Easterein Nederlânsk kampioen wurden. Yn it reinige Menaam moasten se de 1e omloop tsjin Reduzum. Dizze wedstriid wûnen se mei 5-0 en 6-0. Yn de 2e omloop kamen se Grou tsjin en dit wûnen se mei 3-5 en 2-6. 3e omloop tsjin Stiens wa wûn mei 1-5 en 2-6. De heale finale tsjin de titelhâlder Makkum wa wûn mei 5-2 en 6-0 en yn de finale kamen se Dronrijp tsjin en dizze partij wa wûn mei 5-2 en 6-6