Erwin Zeinstra sprekt op stipersjûn by vv SDS Easterein

Erwin Zeinstra, assistint-skiedsrjochter yn de eredevisie en faaks ek yn de Champions- en Europaleague, is troch vv-SDS ûtnoege en komt te sprekken op de stipersjûn op freed 13 maart 2015. Hy is assistint fan de bekinde skiedsrjochter Björn Kuipers. It ôfrûne jier stienen sy ûnder oare op it WK yn Brazilië en mochten sy de Champions League-finale tusken  Real Madrid en Atletico Madrid yn Lissabon yn goeie banen leide.

de stipersjûn is dit jier net allinnich foar stipers en Freonen fan SDS, mar ek foar leden fan de ûndernimmers feriening Wommels/Easterein(OVWE).

bron:vv SDS