EO op Bogerman Wommels

Tiisdei 13 jannewaris wie der op Bogerman Wommels bysûndere besite! De kameraploech en presintatrise Mirjam Bouwman fan it programma ‘Geloof en een hoop Liefde’ komme op skoalle. Foar it programma strike de presintatoaren in wike lang del op in plak yn Nederlân. Diskear stiet Fryslân, Ljouwert en de Fryskte taal sintraal. Dosint Anna Marije Bloem en har tredde klasse, mei inkele Eastereinders, binne folge . Dêrnei gie de dosint mei de ploech nei Ljouwert om de presintatrise Mirjam oer Ljouwert en de Fryske taal te learen mei in rap.  De útstjoering is hjoed, tiisdei 24 febrewaris om 17.00  op NPO2!