Yn gearwurking mei muzykkorps Wilhemina
(ynstjoerd troch Wilhelmina)
Der sitte 18 entûsjaste muzikanten yn groep 6 fan de bassisskoalle yn Easterein. Sûnt foarige wike hawwe se allegear in ynstrumint en spylje se harren earste noaten û.l.f. Andries Kramer.
Nei de grutte fekânsje foarich jier krigen se wykliks algemiene muzikale foarming fan master Andries. Nei de Krystfekansje mochten se in ynstrumint útsykje wêr’t se it kommende healjier graach op blaze woene. En sadwaande sit der no in komplete fanfare besetting: 1 sopraansax. , 2 alt saxen, 3 bugels, 4 trompetten, 3 waldhoorns, 3 tenor hoorns en 2 trombones. In prachtige groep sa’t jim op de foto’s sjen kinne.
It is de earste kear dat we mei sa’n komplete besetting oan it oefenjen binne. De bern fine it prachtich en it wurdt fansels elke wike moaier want der komme hieltyd mear noaten by. En dan kinne se al gau harren earste stikjes meielkoar spylje.
Andries Kramer, muzykdosint
Foar korps Wilhelmina, Wil Wytsma en Durkje van der Eems