Op sneon 4 juny is de 5de edysje fan de slachtemarathon. In tocht fan 42.195 meter fan it waad (Easterbierrum) oant yn it hart fan Fryslân (Reard). Oan de Slachterin dogge 15.000 rinners en drafers mei. Under die 15.000 rinners en drafers binne ek in stikmannich Easterrinners dy’t meirinne. No kin elts yndividueel oefenje foar dizze barre tocht mar ist net leuk om meielkoar te rinnen/oefenje. In pear enthûsjaste Easterrinners hawwe de koppen byelkoar stutsen en wolle graach foarearst op moandei 18 april jûns om 18.15 meielkoar oefenje. In rûntsje fan san 10-15 kilometer. Elts dy’t it leuk fynt om mei te rinnen is wolkom. It kosset neat en jo hawwe in protte wille ûnderweis. We sammelje by de legere skoalle. Moandei 18 april Easterrinjûn. Sis it fjirder, sis it fjirder.