Tongersdeitejûn 5 septimber wurdt yn Wommels fanút swimbad De Klomp in ienachtste triathlon organisearre. Dat betsjut 500 m swimme, 20 km fytse en 5 km drave. It fytsparkoers giet troch Easterein.
Ida Hallema, Sjoukje van der Eems en Durk-Jorrit van der Eems binne de Eastereiners dy’t op de list steane om mei te dwaan. En as wy it goed begripe, dan is Durk-Jorrit ien fan de grutte kânshawwers foar de oerwinning. Hy swimt de 500 m al yn sa’n 8 minuten, kin poer bêst fytse fansels en moat mei draven syn foarsprong, at hy die hat, fêst sjen te hâlden.
Fansels moedigje wy harre – en de oare dielnimmers – oan at se troch Easterein hinne fytse, of net? Nei ôfrin fan de triathlon kinne wy elkenien lokwinskje mei de prestaasje yn it swimbad (en in bierke derop drinke….).