Eastereiner Marktplaats op Facebook

Schermafbeelding_2014-02-25_om_22_35_52Hast ek Facebook? Dan kinst ek lid wurde fan de Eastereiner Markplaats op Facebook. Yn dizze Facebookgroep wurdt fan alles oanbean, fan fergees oant en mei betelle. Sa binne de ôfrûne wike bygelyks in skelter, in pakje Pickwick ‘Lekker slapen’ thee, in pear boeken en in itersbon fan eigner ferwiksele.

Wolst ek meidwaan? Stjoer in email nei silvia@skylk.nl en dan wurdst gau taheakke. Of freegje in oare Eastereiner dy’t al lid fan de groep is om dy út te noegjen. Dwaan!