Der sit in moai Eastereiner Keatswykein oan te kommen!
Freed 9 july ha we foar de jongerein dy’t lid binne fan Keatsferiening Easterein in keatsclinic. Dy wurdt jûn troch Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar en trainer Dirk van der Leest! Opjaan kin oant 5 july: opjeftejongerein@kfeasterein.nl
Op sneon 10 july is de 16e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier. De tangong is foar eltsenien fergees.
Op snein 11 july is de Okkemapartij, foar alle federaasjes. Opjefte via www.knkb.nl
Foar mear ynformaasje sjoch op:
www.kfeasterein.nl en hâld de sosjale media yn ‘ e gaten.