San 75 kombinaasjes kamen ôf op de 73 ste ringridery en keuring yn Wommels. Fansels ek wer in soad Eastereinders mei it hynder en/of hynder en wein nei Wommels. Jo kinne dat al op it fytspaad lizzen sjen. Helaas wiene der by it ringstekken gjin prizen foar de Eastereinders mar by de keuring wie it oars. Yn de kategory bestgeande pony oanspand behelle Jelmer Couperus en Sjoukje van der Eems as byrydster in 1ste priis. By de kategory beste rypony grutte maat behelle Triny Hofstee in 3de priis. De folsleine ûtslach kinne jim hjir fine