Kommende woansdei fynt yn Frentsjer de wichtichste keatsdei foar de seniorenkeatsers plak. De PC. Foar de 162 x wurd dizze keatsdei organisearre. Yn dizze 161 x binne der ea 2 Eastereinders west dy`t de PC wûn hawwe. Yn 1919, 1921 en 1922 wie dat Jan Y. Heeg en yn 1962 en 1963 wie dat Gerrit Okkinga. Sa fier at wy betinke kinne ha der noch nea 3 Eastereinders yn 1 partoer meikeats. Dit jier sil dat barre. Jan Schurer, Bauke Dijkstra en Dirk Yde Sjaarda keatse dit jier mei syn 3en yn 1 partoer de PC en wat soe it ferrekte moai wéze at se de krânsen mei nei Easterein ta nimme koene. We wachtsje it ôf