Eastereinder doarpsfeesten 2015

Noch in goeie 2,5 wiken en dan giet it wér oan. Woansdeitejûn 24 juni start de Eastereinder feesten mei de optocht. Hjirûnder it program.

Programma woansdeitejûn 24 juny 

19.00  Opstellen foar de OPTOCHT op de Stittenserleane

(Wy soenen it op priis stelle, dat eltsenien op tiid klear stiet. Foaral de grutte weinen, omdat dizze oars hiel dreech op harren plak komme kinne).

19.30  Start OPTOCHT m.m.f. muzykkorps “Wilhelmina”

21.00  Foarpriuwke yn’ e tinte mei muzyk fan BEWARE.

Beware bestiet út seis jonge, entûsjaste musikanten. It repertoire fan Beware is tige ôfwikseljend; ferskate hits út de top 40 komme foarby. Wêr Beware ek is, in feestje wurdt it seker.

24.00  SLUTING BAR/TINTE

 

Programma tongersdei 25 juny 

9.30    KEATSEN yn mar leafst 6 klassen. Der is in aparte klasse foar de jeugd, bedoelt foar de bern dy’t no yn groep 8 sitte oant 16 jier.

10.00  FOLLYBAL yn 4-tallen. Krekt as by it keatsen meie de bern fan groep 8 ek meidwaan. Betink in namme foar jim team en jou jim op.

11.00  KLAVERJASSEN yn de tinte. Graach opjaan fan te foarren. We gean echt om 11.00 los sadat der trije beamen lein wurde kinne.

11.15 SPULTSJES foar groep 1 o/m 2.

13.30  SPULTSJES foar groep 3 o/m 8.

15.00 Kom nei de tinte foar in gesellich stikje muzyk fersoarge troch FOLKERT, ‘de Feestende Saxotrompettist’

17.00  PRIISÚTRIKKING fan alle aktiviteiten yn de tinte

19.00  Opstellen foar de OPTOCHT op de Stittenserleane

(Wy soenen it op priis stelle, dat eltsenien op tiid klear stiet. Foaral de grutte weinen, omdat dizze oars hiel dreech op harren plak komme kinne)

19.15  Start OPTOCHT m.m.f. muzykkorps “Wilhelmina” en Melody Percussionband en majorettes út Wommels       

Oanslutend oan de optocht is de priisútrikking yn de tinte

22.00  Jûns spilet de band ENERGY!

Sy beskikke oer in breed repertoire mei benammen in soad snelle en enerzjyke rocknummers. Garânsje foar in te gekke jûn.

 

Programma freed 26 juny

8.00   LAWAAIOPTOCHT

Nim jimme trommels, fluitsjes, deksels as oare ynstruminten mei sadat we Easterein wekker meitsje kinne!!

10.00 KOFJEDRINKE  en oanslutend MATINEE mei DE SUSKES!

13.30 JEU DE BOULES op de eigen banen

14.00  ALLES KIN NEI IT MATINEE

We haw wer geweldige spultsjes foar jim betocht, frij vertaalt nei it programma ‘Alles mag op vrijdag’ van RTL4. Jou jim op mei syn 4-en. Opjefte kin op it fjild nei it Matinee.

19.30  THEATER FAN KLÚN & KNOFFELHAKKE

De programma’s fan Klún & Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Mei oare wurden: foar in noflike jûn, lang as koart, mei Klún & Knoffelhakke wurdt it altyd wat!

22.00  ROCK-COVERBAND ONCE

Hun repertoire is tige farieerd, mar it wurdt altyd serveerd mei in rock-sausje. It repertoire is altyd aktueel, dus ek de nijste hits komme foarby by hun optredens. Dit wurdt In fantastyske jûn. Mis it net !!!