Roelie Kroondijk, Jeska Terpstra en Selma de Boer fan Easterein hawwe hjoed de Ald-Meierspartij yn Hitzum wûn. Se hawwe yn de finale Seisbierrum-Pietersbierrum ferslein mei 5-4 6-6. Jûn om 19.30 oere is der in rûnrit troch Easterein fan it winnende partoer. Dogge jim allegearre de flagge út?
De Ald-Meierspartij
Wat de Freule is foar jonges, is de Ald-Meierspartij foar famkes. De Ald-Meierspartij is dus in spesjale ôfdielingspartij foar famkes, yn de kategory 14 o/m 16 jier. De Commissie Ald-Meiers Partij organiseart dit yn gearwurking mei de hear Pieter Winsemius. Der is striden om gouden en oare lúkse horloazjes. Foar de winnende ôfdieling – yn dit gefal dus Easterein – is der in moaie wikseltrofee ‘De Sulveren Pong’.
‘De 4 Wimpels’
As jonge keatstser moatst minimaal oan de Ald-Meiers Partij meidien hawwe om kâns te meitsjen om ea ‘De 4 Wimpels’ yn it besit te krijen. De ûnderskieding kinst bemachtigje troch de neikommende 4 wichtige keatspartijen op dyn namme te skriuwen: de Ald-Meierspartij, de Jong Famme Partij, it NK Dames én de Frouljus-PC.