Easterein Rocks twadde yn grutte popkwis

IMG_5871Op tongersdeitejûn is it team fan Easterein Rocks twadde wurden yn de grutte popkwis yn poppodium Romein. Dizze jierlikse kwis waard foar de 10de kear hâlden en der dienen 18 teams oan mei. It team besteande út Pieter de Boer en Freddie Scheltema einige mei 54 punten krekt achter de ‘Know it alls’ út Ljouwert.