Easterein Rocks Nijs – we sille wat nijs dwaan

oefenavond easterein rocks– ynstjoerd troch Easterein Rocks –

It duorret noch twa jier en dan meitsje wy ús op foar Easterein Rocks 5. Twa jier is in hiel skoft en dêrom sille wy yn dy tuskentiid, wat nijs dwaan.

Op sneon 9 novimber hâlde wy yn De Tsjerne  in Easterein Rocks Jamsessie. In jûn wêr’t de Easterein Rocks Band spylje sil, mar wêr’t jimme ek oan meidwaan kinne.
Altyd al in kear meispylje wollen yn in band?… Doch gewoan mei! Kinst in moai poepke sjonge?…Meidwaan!

It wurdt in jûntsje spontaan muzyk meitsje.

De yntree is 7 euro,  mar krijst der in T-shirt fergees by (salang’t de foarrie strekt)!