Sneintemiddei 4 febrewaris by Noflik
It hjoeddeistige bestjoer fan Easterein Rocks hat oardel jier lyn besletten om neist it twa-jierlykse muzykbarren ek yn de donkere moannen fan it jier in middei te organisearjen dêr’t muzyk en geselligens sintraal stiet.
Sa hawwe we oan it begjin fan 2017 de muzykkwis organisearre. En wat wie it in súkses. Mar leafst 80 dielnimmers, ferdield oer 22 teams, diene mei. En wat hawwe we de dagen dêrnei in protte entûsjaste reaksjes krigen fan minsken dy’t meidien hiene. Mar ek fan minsken dy’t der net wiene, krigen we reaksjes lykas “ hie ik dit witten… “ en “potdikkeme, de oare kear doch ik mei” En dus… dogge we it dit jier net wer. It is te maklik om no wer in muzykkwis del te setten. We witte wol nei ferline jier dat dêr dus noch mear minsken komme en meidwaan wolle. Mar we wolle fernijing. We wolle graach orizjineel bliuwe, en dêrom hawwe we foar 2018 in muzykbingo betocht!
Elkenien kin meidwaan!
In muzykbingo dêr’t eltsenien oan mei dwaan kin. Fansels moat der in bytsje muzykkennis oanwêzich wêze, mar it giet foaral om de geselligens.
Set yn jimme aginda!
Dat- bêste ynwenners fan Easterein – set alfêst yn jimme aginda: Snein 4 febrewaris de muzykbingo yn de seal fan Noflik. In middei mei allegear muzykfragminten, -filmkes, -rebussen en noch sa folle mear. Opjefte is net nedich! Foar mear ynfo – hâld ús Facebook yn de gaten!
We sjogge jim dan! Jim nimme de wille mei, wy soargje (tegearre mei Noflik) foar de rest.
It bestjoer fan Easterein Rocks,
Germ, Amarins, Carin, Jan Rinse, René en Gerard