It is alwer efkes lyn, mar it wie gesellich op sneon 9 novimber yn de Tsjerne. De earste Easterein Rocks Jamsessie lúts mear as 100 minsken en der stienen yn totaal 27 muzikanten op it poadium. It spontane muzykjûntsje fan pleatslike helden en gasten wie wat nijs, mar de reaksjes fan it enthousiaste publyk en de muzikanten wienen tige posityf. Wa wit dat der in ferfolch komt? Mar earst yn febrewaris op nei wer wat nijs: Easterein Rocks junior!